Foarig jier hawwe in nij logo krigen en dit jier hawwe in nije webside. Mei dizze webside wolle wy derfoar soargje dat alles werom te finen is op ien plak. Derby hat net eltsenien yn it doarp in Facebook of Instagram account.
Alle updates dy te krije ha mei it doarpsfeest komme op ‘e site werom. Derby kinst ek sjen wat it programma is per dei. Mar ek algemiene ynformaasje, tink oan wannear ’t de kermis iepen giet of wat de muntsje kostet.